Manifestaasje foar klimaat op Nijstêd yn Ljouwert

28 nov 2015 - 15:23

Ferskate organisaasjes yn Fryslân hawwe sneon op de Nijestêd yn Ljouwert aksjefierd foar in better klimaat. De politike partijen PAL GrienLinks, PvdA, ChristenUnie, de Fryske tsjerken, antydiskriminaasjeburo Tûmba en de Fryske Miljeuferderaasje roppe de wrâldlieders op om hurde ôfspraken te meitsjen. Oars komt de takomst fan de ierde yn gefaar.

It jier 2015 wurdt nei alle gedachten it waarmste jier yn de skiednis. Troch minder fleis te iten, de ferwaarming leger te setten en faker de fyts te nimmen, kin de CO2-útstjit fermindere wurde.

Tsientallen minsken kamen op de klimaatmanifestaasje yn de Fryske haadstêd ôf. De manifestaasje is in opmaat foar de wrâldklimaattop yn Parys dy't moandei begjint.

Trefwurden: 
klimaat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)