Bestelauto botst op file nei ûngelok mei bitewein op A7

28 nov 2015 - 13:14

In ûngelok mei in bitewein hat sneontemoarn foar in soad opûnthâld soarge op de A7 tusken Drachten en Grinslân. De frachtwein botste by Boerakker tsjin de fangrail. Dy rekke hielendal stikken. By it ûngelok wiene ek twa auto's belutsen. By it reparaasjewurk ûntstie in file, dêr't in bestelauto achterop in auto ried. In frou rekke dêrby ferwûne. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Troch de beide ûngefallen moast it ferkear dat nei Grins woe, rekken hâlde mei in fertraging fan mear as in healoere.

Trefwurden: 
A7 file ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)