Cambuuroanfierder Overgoor: "Skandalich begjin"

28 nov 2015 - 11:46

"Wat is dit klote. We beginnnen schandalig aan de wedstrijd." Cambuuroanfierder Sjoerd Overgoor is bot teloarsteld nei it ferlies tsjin De Graafschap fan freedtejûn. De Ljouwerters gongen yn eigen hûs mei 3-2 ûnderút tsjin de hikkesluter fan de earedivyzje. Dêrtroch is it ferskil tusken SC Cambuur en De Graafschap noch mar twa punten.

"Ik ben niet vaak zo teleurgesteld als nu", seit ek Erik Bakker. "We roepen het weer over onszelf af. We geven de goals veel te makkelijk weg en daardoor loop je direct achter de feiten aan."

Al nei goed in healoere stie Cambuur 2-0 efter. "In dramatyske earste helte fan de wedstriid", jout ek trainer Henk de Jong ta. "Ferdigenjend giet it hiel muoisum by ús." Neffens Overgoor like it wol as wie Cambuur net by de les. In ferklearring hawwe sawol de trainer as de spilers net. De Jong: "It like gewoan nergens op. Ik snap ek hiel goed dat it publyk ús útfluitet de earste helte. Wol wol ik se betankje dat se yn de twadde helte dochs wer achter ús stean. Dat is moai."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)