Skip sonken nei oanfarring, seit plysje

28 nov 2015 - 15:50

In oanfarring hat de oarsaak west dat freed op de Iselmar by De Lemmer in boat sonken is. Twa opfarrenden binne fermist. It skip is sneon burgen. Op basis fan spoaren op it skip konkludearret de plysje dat der in oanfarring west hat. Der hat him noch gjin oar skip melden yn ferbân mei de saak. Wol wit de plysje op basis fan radarbylden hokker skippen freed yn de buert fan it sonken skip west hawwe op it momint dat it fan de radar ferdwûn.

De syktocht fan de fermisten giet noch troch. Der wurdt mei sonar nei de lichems socht.  

It skip fan it type boekanier ferdwûn freed oan de ein fan de middei fan de radar. Nei in syktocht troch plysje en KNRM waard it jacht freedtejûn fûn, mar de twa opfarrenden binne noch altyd spoarleas. Oan de kust fan de Iselmar spiele wrakstikken oan. De plysje nimt dy mei foar ûndersyk.

De 11 meter lange boekanier wie ûnderweis fan Lelystêd nei De Lemmer doe't er yn it sicht fan de haven fan De Lemmer fan de radar ferdwûn. Oan board wie de eigener mei in kunde.

De boat is eigendom fan in echtpear út de Rânestêd. Se hawwe de boat ferline jier kocht fan ferhierbedriuw Centerpoint Charters yn Snits. Se ferhiere de boat yn de simmermoannen en se farre der sels yn it foar- en neijier mei. De boat leit simmerdeis by de ferhierders yn Snits. Erik Fennema fan dat bedriuw hat freed sels ek noch meisocht. Hy sprekt fan in drama. It skip wurdt nei in loads yn Lelystêd oerbrocht foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)