Siler Pieter-Jan Postma wis fan Olympyske Spelen

28 nov 2015 - 11:05

Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple docht takom jier mei oan de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro yn Brazilië. Hy wist sneon op de WK Finn yn Nij-Seelân ien fan de fjouwer tickets te bemachtigjen. Postma klom op nei it sânde plak yn it klassemint troch as sechsde en sânde te einigjen yn de wedstriden.

Snein is allinnich noch de medaljerace. Postma is út de skroeven mei syn Olympyske ticket. Op de Olympyske Spelen fan Londen yn 2012 waard er fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)