Harkemase Boys-Flevo Boys ôfsein fanwegen min fjild

28 nov 2015 - 10:37
Foto: Omrop Fryslân

De fuotbalwedstriid tusken Harkemase Boys en Flevo Boys fan sneontemiddei giet net troch. Fanwegen de rein is it fjild net te bespyljen. Op it plak dêr't de spilers it fjild opkomme, stean grutte puollen wetter. Sa't it no liket, wurde oare wedstriden yn Fryslân wol spile.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)
(advertinsje)