Syktocht op Iselmar nei fermisten giet fierder

28 nov 2015 - 10:25

De plysje siket sneontemoarn fierder nei de opfarrenden fan de hierboat dy't freedtejûn yn de Lemsterhoeke ûnder wetter ferdwûn. De plysje giet út fan twa opfarrenden. Sy binne mooglik noch oan board. De helptsjinsten skatte de kâns lyts dat de opfarrenden noch yn libben binne.

It wrak waard freedtejûn fûn nei in syktocht troch fjouwer boaten fan de KNRM en in plysjeboat. Tegearre mei in berger wurdt sneon besocht it skip boppe wetter te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)