Dramatysk seizoen Cambuur set troch tsjin De Graafschap

27 nov 2015 - 21:52

SC Cambuur is der ek tsjin hikkesluter De Graafschap net yn slagge de earste winst fan it seizoen te pakken. Yn Ljouwert ferlear de ploech fan trainer Henk de Jong mei 2-3. Al yn de 7de minút kaam De Graafschap op in 0-1 foarsprong troch in goal fan Cas Peters. It waard in lyts healoere letter 0-2 troch Bart Straalman.

Krekt foar de rêst kaam Cambuur op it skoareboerd troch in goal fan Sjoerd Overgoor. Nathaniël Will fan De Graafschap makke nei it skoft in eigen doelpunt. Karim Tarfi soarge yn de 88ste minút foar de domper fan Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)