Anne Schulp út Snits bout T-Rex-skelet yn Naturalis

28 nov 2015 - 14:43

Paleontolooch en dinosaurussaakkundige Anne Schulp út Snits is op it stuit dwaande mei in T-Rex-dinosaurus-skelet foar museum Naturalis yn Leiden. In grutte put, net allinnich omdat it giet om in grut skelet mar ek omdat it skelet foar in part yn sânstien sit dat hurder is as de bonken sels. De stien moat kerrel foar kerrel fuorthelle wurde, oars giet it skelet stikken.

Doe't natoermuseum Naturalis in T-Rex hawwe woe, wie Schulp de man dy't dat praktysk foar mekoar krije moast.

Yn septimber 2013 waard yn Montana (VS) it skelet fan in Tyrannosaurus rex fûn. Mei de lanlike aksje 'Tientje voor T-Rex' waard ferline jier fiif miljoen euro ynsammele om it skelet nei Nederlân te heljen. Yn septimber 2016 sil it skelet tentoansteld wurde.

Dit wykein yn it radioprogramma Buro de Vries in reportaazje mei Anne Schulp yn Naturalis yn Leiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)