Foppe wiziget basisformaasje

27 nov 2015 - 13:25

Foppe de Haan hat syn alvetal foar de wedstriid tsjin Roda JC op fjouwer plakken wizige. Stefano Marzo krijt de foarkar boppe Pelé van Anholt en Joey van den Berg (werom fan skorsing) stiet wer sintraal achteryn. Joost van Aken keart nei lang blessuereleed werom yn 'e ploech. De ferdigener ferfangt de skorste Lucas Bijker. Jerry St. Juste hat opnij lêst fan in kûtblessuere, syn ferfanger is Branco van den Boomen. De lêste kear dat Van den Boomen yn 'e basis stie wie yn de thúswedstriid tsjin Feyenoord (5-2 ferlies).

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)