Plysje hâldt tolve minsken oan yn drugsûndersyk NE-Fryslân

27 nov 2015 - 11:42

De plysje hat yn it grutte ûndersyk nei drugshannel yn Noardeast-Fryslân tolve minsken oanhâlden. It giet om ien frou en alve manlju yn de leeftiid fan 18 oant 25 jier út De Westereen, Surhústerfean, de Grinzer Pein en It Hearrenfean.

Fan de groep fertochten sitte fiif noch fêst. Tsjin alle fertochten is proses-ferbaal opmakke. Ien fan de fertochten ferkocht de drugs fanút syn 45-kilometer auto. Neffens de plysje brûkten de groepen jongeren net allinnich drugs as GHB en speed, mar hannelen se der ek yn.

Dat soarge foar in soad oerlêst yn benammen De Westereen en Surhústerfean. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk en ferwachtet mear oanhâldings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)