Aksjegroep Sionsberg lilk om ''frjemd' beslút Nij Smellinghe

27 nov 2015 - 06:21

Aksjegroep Red de Sionsberg is lilk op sikehûs Nij Smellinghe no't dy in bernepoly yn Dokkum iepenje wol, rjocht tsjinoer De Sionsberg. De aksjegroep neamt it beslút fan it Drachtster sikehûs ''maatskiplik ferwerplik.'' Neffens de aksjegroep is it in frjemd beslút, mei om't Nij Smellinghe earder in bernepoly yn Dokkum sluten hat. Mei dêrtroch kaam De Sionsberg noch fierder yn de problemen. Dat hat ferline jier úteinlik ta it fallisemint fan De Sionsberg laat.

Mei de nije poly besiket Nij Smellinghe neffens de aksjegroep de opbou fan goede soarch yn de regio dwers te sitten. De aksjegroep ropt it Drachtster sikehûs op om it plan net troch te setten en lykas ôfpraat gear te wurkjen mei De Sionsberg en it MCL yn Ljouwert. Soarchfersekerder De Friesland soe neffens de aksjegroep better stjoere moatte yn dit proses.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)