Plan foar tige grut keunstwurk by Sleat yn 2018

26 nov 2015 - 18:27

By de stêd Sleat sil healwei 2018 in grut keunstwurk ferskine mei trije beskildere siden fan elk 233 meter breed. Keunstner Dirk Hakze, oarspronklik út Snits, sil foar dit projekt, in berop dwaan op mar leafst 1919 keunstners. It projekt sil yn maaie 2018 begjinne en moat yn hûndert dagen klear wêze.

Hakze is yn Fryslân benammen bekend as skilder fan seelânskippen, dy't hy sûnt 1992 op ferskate strannen fan ûnder oare de Fryske Waadeilannen 'live' skilderet ûnder ynfloed fan klassike muzyk.

It gigantyske keunstwurk by Sleat, dat yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 makke wurdt, sil as Land Art-projekt in plakje krije yn de greiden oan de noardwestkant fan de stêd.

Trefwurden: 
keunstwurk 2018 sleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)