Universiteitsried RUG jout grien ljocht foar Kampus Fryslân

26 nov 2015 - 17:55

De universiteitsried fan de Ryksuniversiteit Grins hat in posityf advys jûn oer it ûntwikkelingsplan Kampus Fryslân. Dêrmei komt de Fryske Universiteit wer in stapke tichterby. Yn Ljouwert moatte op termyn tsien masterstúdzjes en in brede bacheloroplieding komme.

Yn septimber 2017 moat de oplieding úteinsette. It moat in selsstannige oplieding wurde, mar wol ûnder de flagge fan de universiteit Grins. Studinten kinne dan tema's bestudearje dy't yn Fryslân spylje, lykas duorsumens, meartaligens, wetter en toerisme.

De kommende wiken nimme de gemeenteried fan Ljouwert en de Fryske Steaten in beslút oer finansjele stipe oan it opsetten fan dizze 'alfde fakulteit' fan de RU Grins yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)