Te swier beladen frachtauto's by ferkearskontrôle op Wâldwei

26 nov 2015 - 17:47

Bestjoerders fan in klepwein, dat is in lytse frachtauto foar it rydbewiis-B, witte faak net hoefolle lading se ferfiere meie. Dat die tongersdei bliken by in plysjekontrôle op de Wâldwei. Neffens de plysje sitte je mei sa'n auto al gau oer de limyt fan it gewicht dat je ferfiere meie. En ha je kâns op in bekeuring. By de kontrôle fan tongersdei hat de plysje hjir lykwols allinne mar warskôgings foar jûn

Boetes binne wol jûn foar oare saken. Fiif minsken rieden 30 kilometer of mear te hurd. Acht minsken krigen in boete foar glêde bannen.

Njonken de plysje diene ek amtners fan de RDW en de NVWA oan de grutte kontrôle-aksje mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)