"Lyts doarp kin goed fierder sûnder doarpsskoalle"

26 nov 2015 - 16:43

In skoalle dy't ticht moat, omdat der te min bern binne; foar de leefberens op in doarp makket dat eins neat út. Dit waard tongersdei ferteld op in kongres yn Grins oer krimp op it plattelân. In lyts doarp kin goed fuortbestean sûnder skoalle, en ek minsken mei bern wolle dêr echt wol wenje. Ien en oar docht bliken út ûndersyk fan de Hanzehogeschool Groningen.

Nijkommers yn in doarp, ek minsken mei bern, passe har oan de sitewaasje oan. Se sykje alternativen foar ûnderwiis yn de buert, en de ferienings sykje oar plak om inoar te treffen.

Op it plattelân is in goeie berikberheid folle wichtiger as de oanwêzichheid fan in skoalle, sa docht út it ûndersyk bliken.

Trefwurden: 
skoalle doarp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)