Hearrenfean: "Ynwenners tefreden oer WMO-ferfier"

26 nov 2015 - 14:40

It WMO-ferfier yn de gemeente Hearrenfean krijt in 7,8 as sifer fan de brûkers. De gemeente hie de pashâlders nei harren ûnderfiningen frege. De dielnimmers joegen it in foldwaande.

Der wie Hearrenfean in soad om te dwaan om it WMO-ferfier te ferbetterjen. Earder dit jier kamen der in soad klachten binnen oer it ferfier yn Jobbegea en Hoarnstersweach. Yn koarte tiid waarden sa'n 1100 hantekeningen sammele. De gemeente paste de ôfspraken mei ferfierder Witteveen dêrnei oan.

De útkomsten fan dit eigen ûndersyk wurde brûkt by it meitsjen fan nij ferfiersbelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)