Goed 1400 wurknimmers út metaalsektor lizze it wurk del

26 nov 2015 - 14:28

By stakingsaksjes foar in bettere CAO yn de metalektro-sektor yn Fryslân en by DAF yn Eindhoven hawwe tongersdei 1400 meiwurkers it wurk dellein. Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean skreaunen 400 meiwurkers harren yn as staker.

Se lizze it wurk foar 48 oeren del. Freed slute meiwurkers yn Noard-Hollân harren by de aksjes yn Fryslân en Eindhoven oan.

Der wurdt al sûnt de maaitiid aksjefierd. De metaalwurkers easkje mear lean, mear sizzenskip en bettere wurktiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)