Marit Bouwmeester pakt sulveren medalje op WK silen yn Oman

26 nov 2015 - 13:05

Sylster Marit Bouwmeester grypte tongersdei krekt neist de titel op it WK silen yn de Laser Radial-klasse yn Oman. Bouwmeester einige as twadde yn it einklassemint en is dêrmei har titel kwyt.

Bouwmeester einige yn de slotrace as fjirde en hie likefolle punten as de Deense Anne-Marie Rindom. Dy hie yn totaal twa races wûn en Marit mar ien. Dat joech de trochslach. Omdat der amper wyn stie koe der tongersdei mar ien race syld wurde.

Bouwmeester waard yn 2011(Perth) en 2014(Santander) wrâldkampioen. Op de Spelen fan 2012 pakte se sulver.

Bouwmeester baalde flink fan har twadde plak. "Pynlik", neamt se it ferlies fan har titel. It feit dat se twadde waard mei in lyk oantal punten as de winner, makke it der net makliker op. Dan wurdt ik leaver tsiende, sei de Wartenster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)