NAM baalt fan útspraken fan yngenieur oer boaiemdelgong

26 nov 2015 - 11:49

De NAM betreuret it byld dat ûntstien is nei útlittings fan yngenieur Adriaan Houtenbos dat de measte foarspellingen fan boaiemdelgong troch gas- en sâltwinning hielendal net útkomme en dat de boaiem yn de praktyk mear sakket as foarsein.

Neffens de NAM binne der de lêste jierren in soad ûndersiken dien, ûnder begelieding fan in stjoergroep mei dêryn ynternasjonale wittenskippers. Yn dy stjoergroep siet ek Houtenbos. 

Yn de rapporten stiet dat de gaswinning oan alle regels fan it winningspan foldocht en dat de Waadsee der gjin neidielige gefolgen fan ûnderfynt, seit de NAM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)