Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

26 nov 2015 - 08:29

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

De NAVO hat jagers yn it noarden fan ús lân oproppen om Russyske guozzen de kommende wiken net del te sjitten. Dat hat de Keninklike Nederlânske Jachtferiening, de KNJV, befêstige. De jagers hawwe yntusken tasein rekkening hâlde te wollen mei it fersyk.

Sjoen de spanningen yn de relaasje mei Ruslân is it better om de guozzen gewurde te litten, sa fynt de NAVO, dy't wol seit te begripen dat dit in tsjinslach is foar de jagers, omdat in protte guozzen dy't dizze wiken ús lân binnenfleane fan Siberië komme. Mar de jagers fine dat se har maatskiplike ferantwurdlikheid nimme moatte en sille it fersyk serieus nimme.

Op 'e nij is Henk Krol de mist yn gien mei immen syn jierdei. Fan 'e moarn stjoerde de politikus in lokswinsk nei Abe Lenstra. Lykwols, de legindaryske âld-fuotballer is pas moarn jierdei, op 27 novimber. Hearrenfean-watchers reageare dan ek fernuvere op it nijs. Abe Lenstra sels liket him lykwols net folle oan te lûken fan de kommoasje, want oant no ta hat hy noch net fan him hearre litten.

Ut eangst foar oanslaggen hawwe ek yn Dokkum de winkels ticht west fan sneontejûn oant en mei moandeitemoarn. Dat is gebeurd op oantrunen fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel. Troch de winkels ticht te hâlden hope it gemeentebestjoer de kâns op in oanslach lyts te hâlden. Mei súkses, want it bleau snein de hiele dei rêstich yn Dokkum.

Moandeitemiddei om ien oere koenen de winkels wer iepen. De measte middenstanners lykje har dellein te hawwen by it beslút en binne as dat nedich is ree om as dat nedich is ek kommende snein wer de winkels op slot te dwaan.

De 25-jierrige Bas út Drachten is op syk nei in gitarist dy't gjin gitaar spilet. De studint fan de Hanze Hegeskoalle yn Grins spilet yn in band en hat plak foar in goeie stazjêr-gitarist, mits dy syn gitaar net oanrekket. Neffens Bas hat syn band gjin beswier tsjin it gitarisme op himsels, mar wol tsjin it útlibjen dêrfan.

Bas begrypt dat dit pynlik is foar in gitarist dy't staazjerinne wol, en hechtet der dêrom oan om te sizzen dat er gjin prinsipieel tsjinstanner fan gitaristen is. It is allinnich it spyljen op de gitaar dêr't er muoite mei hat. Bas fernuveret him deroer dat syn miening sa wiidweidich besprutsen is yn de media.

Ferkear. De plysje sil hjoed ekstra patrûljes hâlde op de A32 en A7. Automobilisten wurde foaral kontrolearre op it dragen fan harren bomgordel. Neffens de plysje komt it de lêste tiid wer hieltyd faker foar dat minsken harren bomgordel net omdogge achter it stjoer. Bestjoerder kinne dan op in flinke boete rekkenje. Dat jildt trouwens ek foar alle passazjiers yn de auto, sa warskôget de plysje."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)