Teaterstik yn Drylts yn oanrin nei 750 jier stedsrjochten

25 nov 2015 - 23:26

Alle fiif foarstellingen fan it stik 'It Fabryk' binne útferkocht. It teaterstik giet tongersdeitejûn yn premjêre yn Drylts. De foarstelling is in inisjatyf fan de stifting Drylts 750 jier. Yn oanrin nei 2018 wannear't it plak 750 jier stedsrjochten hat, is der faker ferdivedaasje foar de Dryltsers om it jubileum te fieren.

De foarstelling spilet op meardere lokaasjes yn de stêd. It publyk wurdt fan de iene lokaasje nei de oare tabrocht. De meast bekende akteur is de Fryske akteur Theun Plantinga. Fierljepster Klaske Nauta spilet ek mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)