Postume Yad Vashem ûnderskieding foar famylje Althuis

25 nov 2015 - 21:54

IJsbrand Althuis en Saakje Althuis-Siderius krije 3 desimber postúm in Yad Vashem ûnderskieding. Fan 1942 oant de befrijing hie it pear in Joadske ûnderdûker yn hûs.

De famylje Althuis wenne op in pleats yn Menaam. Yn 1942 socht de Joadske Simon Augura ûnderdûkadressen foar syn soan José en syn suster Renny. José waard leafdefol opnaam yn de húshâlding mei doe fjouwer bern. Hy learde melken en holp mei it wurk mei. Nei de befrijing emigrearre José nei Israel. Hy hat altyd kontakt hâlden mei syn ûnderdûk-famylje.

Yn 1960 naam er syn beide jonkjes mei nei Nederlân om de famylje Althuis op te sykjen. Saakje Siderius wie yn 1950 al ferstoarn, se wie 51 jier. IJsbrand Althuis stoar yn 1966, 67 jier âld. Har nammen wurde beitele yn de Earemuorre fan Yad Vashem yn Jeruzalem. De ûnderskieding wurdt yn ûntfangst nommen troch twa bernsbern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)