Feriening hat noed oer âlde grêfstiennen op It Amelân

25 nov 2015 - 17:32

It Amelân is benaud dat foar it eilân histoarysk weardefolle grêven ynkoarten romme wurde en dat de grêfstiennen ferdwine. De gemeente hat in list gearstald mei monumintale grêfsarken, dy't bewarre bliuwe moatte. Neffens de kultuerhistoaryske feriening betsjut dit dat grêfsarken dy't net op dy list stean en dêr't gjin grêfrjochten mear foar betelle wurde, romme wurde kinne. Dat berjocht is ynslein as in bom.

Op de trije gemeentlike begraafplakken lizze tal fan grêven fan persoanen dy't in wichtige rol spile ha yn de skiednis fan It Amelân.

It giet ûnder oare om seekaptein Olfert Pieter Lap en oprjochter fan de earste roeirêdingsboat Klaas Sipkes.

Neffens wethâlder Oud sil it lykwols sa mâl net gean. De eilanner befolking hat noch seis wiken om de monumintale list oan te foljen. Boppedat tinkt er oan de oprjochting fan in eare-galerij foar weardefolle grêfstiennen dy't wol fuorthelle wurde moatte. Omdat it neffens amateur-histoarikus Pieter Jan Borsch net dúdlik is wat de gemeente no krekt wol mei de grêfstiennen, soe in nije sirkulêre ferspraat wurde moatte mei de goede ynformaasje.

Trefwurden: 
grêfstiennen It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)