Gefolgen fan sânwinning yn Iselmar binne noch ûndúdlik

25 nov 2015 - 15:01

Der is noch hieltyd net genôch dúdlikens oer de gefolgen fan sânwinning yn de Iselmar, fiif kilometer súdlik fan de kust fan Fryslân. Dat fynt de ûnôfhinklike kommisje dy't sjocht nei rapporten oer miljeu-effekten. Earder joech de kommisje al oan dat der te min sjoen is nei de gefolgen foar de natuer. Der is dêrnei in nij rapport makke, mar neffens de kommisje is dêryn noch te min omtinken foar de gefolgen foar de fûgels. Dy soenen fersteurd wurde kinne troch de frachtskippen dy't it sân ferfiere.

It advys is om ekstra maatregels te nimmen.

Trefwurden: 
sânwinning Iselmar natuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)