Nij Smellinghe bringt bernegenêskunde nei Dokkum

25 nov 2015 - 12:52

De polyklinyk bernegenêskunde fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten iepenet 1 desimber in fêstiging by De Sionberg yn Dokkum. Pasjinten kinne tenei foar de behanneling fan sike bern teplak yn it gebou De Woudvaart op it terrein fan De Sionsberg.

Minsken wolle dizze soarch neffens it sikehûs graach tichtby hûs hawwe. Twa bernedokters hawwe twa kear yn de wike sprekoere. As it ferlet grut is kin er in útwreiding fan it oantal oeren makke wurde. Nij Smellinghe hat ek al in polyklinyk gynekology yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)