"Foarsizzings oer boaiemdelgong binne slach yn de loft"

25 nov 2015 - 12:13

De boaiemdelgong troch gas- en sâltwinning is yn de praktyk folle mear as foarsein. De foarsizzings binne eins mar in slach yn de loft. Dat seit de ûnôfhinklik yngenieur Adriaan Houtenbos fan Haren. Hy hat de foarsizzings en de echte delgong troch gas- en sâltwinning fan de lêste 20 jier neist elkoar setten, yn bygelyks Frjentsjer, Tsjummearum en Noardeast-Fryslân.

Houtenbos fynt dat der gau ûndersyk komme moat, om bettere foarsizzings dwaan te kinnen.

Hy fynt ek dat it ûndersyk nei de delgong net troch de gas- en sâltwinningsbedriuwen séls dien wurde moat, mar troch in ûnôfhinklike ynstânsje.

Seis kear sa heech

Houtenbos beseach ûnder oare de gaswinning by Frjentsjer. Dêr wie de werklike boaiemdelgong seis kear heger as de foarsizzing. Ek yn Noardeast-Fryslân liket it dy kant út te gean, tinkt Houtenbos. Hy fynt dat de ûnbetrouberens fan de foarsizzings sa grut is, dat de gefolgen foar minsken en de natuer net te oersjen binne. Ek mei de hân oan de kraan bliuwt it de fraach oft diken, it Waad en gebouwen dy gefolgen oankinne.

Tefolle belangen foar oerheid

De ûnbetrouberens fan de foarsizzings is neffens Houtenbos in gefolch fan hoe't de gas- en sâltwinning regele is. Hy fynt dat de oerheid sels te grutte belangen hat by gaswinning. Dêrtroch wurdt tefolle romte jûn oan gasprodusinten, om sels te bepalen wat ûndersocht wurdt en wa't tagong krijt ta de mjitgegevens. De Waadferiening makket him soargen oer de konklúzjes fan Houtenbos en fynt dat der oanlieding is om oan de rem te lûken by de gaswinning yn de Waadsee. De gaswinning moat stillein wurde, oant echt ûnôfhinklik fêststeld is wat de gefolgen binne, sa stelt de natuerorganisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)