Ljouwerter ynbrekker oppakt, syn kompanjon naait út

25 nov 2015 - 11:12

In 20-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden op fertinking fan ynbraak. De plysje waard warskôge dat der ynbrutsen waard by in gebou oan de Jan van Scorelstrjitte. Doe't de plysje dêr oankaam wy de ynbrekker al útnaaid.

Troch ynformaasje fan tsjûgen kaam de plysje twa manlju op it spoar op it Grut Schavernek. Ien fan dizze mannen naaide út en stapte op in skooter dy't parkeard stie oan de Oostergowei. De oare man koe oanhâlden wurde. De plysje siket noch nei de ynbrekker dy't útnaaide.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)