Twa Penjumers wiene kopstikken by grut berneporno-netwurk

25 nov 2015 - 10:38

Twa Penjumers fan 37 en 61 jier binne twa kopstikken fan it grutste berneporno-netwurk fan de wrâld. It netwurk mei 360.000 bernepornofoto's hie 45.000 leden en is oprôle troch resjersjeurs yn Nederlân, Amearika en Australië. De Penjumers binne yntusken feroardiele, de jongste krige 5 jier sel en tbs, de oare allinnich fiif jier sel.. Ek twa oare fertochten yn dizze saak, in man út Almelo en in Australiër, hawwe harren fonnis krigen.

Hûnderten slachtoffers

Neffens de lanlike resjerzje binne der mooglik hûnderten bern misbrûkt. Sa hat de Penjumer yn 2012 in 10-jierrich famke ferkrêfte en dat mei in kamera filme. Dêrneist hat de 37-jierrige man jierrenlang folle mear berneporno makke, yn besit hân en ferspraat. By him thús trof de plysje by syn oanhâlding ferline jier april in soad foto's, films en twa fideokamera's oan. Sa ûntduts de Sweedske plysje in filmke fan in famke dat troch de Penjumer en oare mannen misbrûkt waard.

FBI

Ek de Amerikaanske FBI kaam yn Penjum telâne. De FBI fûn foto's en in fideo wêrop't de man in jongen misbrûkt. De rjochtbank rekkene de Penjumer swier oan dat it giet 'om in zeer grote verzameling beeldmateriaal met beelden van zeer jonge kinderen en beelden met een zeer gewelddadig karakter'. 

Heger berop

De 37-jierrrige Penjumer is yn heger berop gien en wurdt bystien troch it advokatekantoor Anker en Anker yn Ljouwert. Dit kantoor hat Robert M, dy't tstienallen jonge bern yn Amsterdam misbrûkt hat, ek ferdigene. De oare ynwenner fan Penjum hat ek berop oantekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)