Auto oer de kop by weifersmelling Kollumersweach

24 nov 2015 - 22:57

Op de Foarwei yn Kollumersweach is tiisdeitejûn in auto oer de kop slein. It ûngelok wie by in weifersmelling. De bestjoerder seach oer de holle dat de wei op dat plak smeller wie, en skampte in stik as wat pealtsjes. De bestjoerder ried ek noch lampepeal om.

De auto hie grutte skea troch it ûngelok. Oer de tastân fan de bestjoerder en de oarsaak fan it ûngelok is op dit stuit noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)