Nije kampus Maritym Ynstitút op Skylge is in feit

24 nov 2015 - 20:45

Der komt in nije kampus by it Maritym Ynstitút op Skylge. De kampus is ûnderdiel fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. De gemeente Skylge, de NHL en wenningstichting De Veste hawwe harren hantekening ûnder it plan set. Yn septimber 2017 moat de kampus klear wêze.

Oan de nije kampus is in lang tariedingstrajekt foarôfgien. Yn 2013 waard troch de gemeente al ynstimd mei in nij bestimmingsplan om de bou mooglik te meitsjen. No't de hantekeningen set binne, kin wenningstichting De Veste begjnne mei bouwen.

De nije kampus komt easlik fan West te lizzen yn in dún- en boskgebiet op fiif minuten rinnen fan de seefeartskoalle (Maritym Ynstitút) oan de Dellewal. Der is plak foar 200 learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)