Mienskiplike oanpak bernemishanneling twa gemeenten

24 nov 2015 - 19:34

Ljouwert en Weststellingwerf wurkje gear om bernemishanneling oan te pakken. De gemeenten foarmje mei-inoar ien fan de seis lanlike gebieten dêr't de kommende tiid ekstra omtinken is foar bernemishanneling. Dêr wolle se slachtoffers helpe en stipe jaan. Se wolle boppedat bernemishanneling oanpakke en besykje foar te kommen.

Yn Fryslân wurdt fan ien op de trije gefallen fan bernemishanneling in melding dien. Dat is twa kear safolle as lanlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)