Rjochtsaak driget yn ferbân mei wegering digitaal beteljen

24 nov 2015 - 17:32

Ald-ûndernimmer Redczus út Ljouwert sleept de gemeente Ljouwert foar de rjochter. De gemeente hat in oerienkomst mei him om rekkens fan enerzjybedriuwen en soarchfersekerders foar him digitaal te beteljen, samar opsein. Dêrtroch hat de man in skoftlang ôfsletten west fan gas.

Redczus, dy't earder in biowinkel op de Skrâns hie, hat gjin betrouwen yn de banken. Hy fiert jierrenlang striid tsjin it digitale betellingssysteem. Hy wol net dat syn sparsinten ynvestearre wurde yn wapens.

Yn juny fan 2014 kaam Hans-Jurgens Redczus oerien mei de gemeente Ljouwert dat dy tenei syn útkearing kontant útbetelle. De gemeente soe de kosten foar enerzjy, wetter en soachfersekering streekrjocht oan de betreffende bedriuwen oermeitsje. De gemeente is no op dat beslút weromkaam, mar wol dêroer net yn diskusje mei Redczus. De gemeente wegeret fierder kommintaar omdat it om in privacy-gefoelige saak giet. Redczus wol no dat de rjochter him oer de saak bûcht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)