Nije stakings driigje yn grutmetaal

24 nov 2015 - 16:29

Wurknimmers yn de grutmetaal gean meikoarten wer yn staking. Tongersdei is yn it Abe Lenstrastadion in aksjegearkomste. De fakbûnen oerlizze dêr mei personiel fan Fryske grutmetaalbedriuwen oer hoe't de aksje der krekt útsjen sil, oft der ien of mear dagen staakt wurdt.

De metaalbewurkers stride al in skoft foar in bettere cao. Se wolle mear lean, mear sizzenskip en bettere wurktiden.

Trefwurden: 
staking grutmetaal fakbûn CAO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)