Bouwmeester nimt wraak: nei twadde plak yn WK-klassemint

24 nov 2015 - 14:31

Sylster Marit Bouwmeester hat tiisdei by wedstriden yn Oman goede saken dien: se waard earste en tredde. Snein waard de ynwenster fan Warten diskwalifisearre yn de fyfde race en waard se njoggende yn de sechde. Troch de goede prestaasjes fan tiisdei stiet Bouwmeester twadde yn it klassemint, op ien punt efterstân op de Deense Anne-Marie Rindom.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen WK Oman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)