Bern yn bystânsgesinnen benammen yn fjouwer gemeenten

24 nov 2015 - 11:44

It tal bern dat grutbrocht wurdt yn in bystânsgesin leit yn fjouwer Fryske gemeenten heger as it lanlike gemiddelde fan 6,5 prosint. De gemeente Ljouwert spant de kroan. Hast 2200 fan de 20.000 bern ûnder de 18 jier libbet by in âlder mei in bystânsútkearing. Dat is 10,8 prosint.

Wethâlder Harry van der Molen seit dat er soargen hat oer it minne sifer, mar lit witte dat der ek al wurke wurdt mei de gesinnen. Sa krije se mooglikheden om bygelyks foar minder jild te sporten. 

Mear gemeenten boven gemiddeld

Ljouwert is lykwols net de ienigste Fryske gemeente dy't it minder docht as it lanlik gemiddelde. Der binne noch trije gemeenten dêr't it probleem fan bystânsgesinnen mear spilet as yn de rest fan Nederlân:  

  • Smellingerlân (7,3 %)
  • Dongeradiel (6,9%)
  • Harns (6,8%)

De oare tweintich Fryske gemeenten skoare leger. Op Flylân en Skiermûntseach komt it probleem fan bern yn in bystânsgesin sels net foar.

Trefwurden: 
bystân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)