Kollumeroord mooglik nije lokaasje needopfang flechtlingen

24 nov 2015 - 10:36

Kollumeroord is yn byld foar needopfang. De groepsakkommodaasje kin 125 minsken opfange en leit yn it nasjonaal park Lauwersmar. De gemeente Kollumerlân hat dizze lokaasje oanbean oan it COA. Dy beriedt har der noch op. Opfang foar 125 minsken fine se eins te min, mar oan de oare kant is der in tekoart oan opfangplakken.

De riedsleden fan Kollumerlân wurde tiisdeitemiddei offisjeel op 'e hichte brocht fan it foarstel fan it kolleezje. Omwenners krije woansdei in brief. Nije wike sil der in ynformaasjegearkomste wêze oer de plannen. It COA beslút begjin desimber oft se gebrûk meitsje sille fan Kollumeroord as needopfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)