Ljouwerter slacht strjitrôvers fan him ôf

24 nov 2015 - 10:01

In 17-jierrige Ljouwerter hat him moandeitejûn mei sukses ferdigene tsjin twa strjitrôvers. It slachtoffer fytste op de Eebuert yn de stêd, doe't twa jonges him fan syn fyts lutsen. De fertochten besochten syn beurs en tillefoan mei te nimmen. De Ljouwerter joech ien fan de twa oerfallers in klap yn it gesicht. Dêrnei naaiden de twa út sûnder bút.

Trefwurden: 
strjitrôf plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)