Seis Friezen helje seleksje foar wrâldbekers shorttrack

24 nov 2015 - 06:05

Reedrydbûn KNSB hat Sjinkie Knegt út Bantegea en Akkrumer Daan Breeuwsma selektearre foar de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Nagoya en Shanghai. Leon Bloemhof út Sint Jabik komt allinnich yn it earste wrâldbekerwykein yn aksje.

By de froulju mei Suzanne Schulting fan De Tynje beide wedstriden ride. Roza Kooystra fan It Hearrenfean sit by de seleksje foar Nagoya, yn Shanghai hat Rianne de Vries út Akkrum in startbewiis. De wrâldbeker fan Nagoya is it earste wykein fan desimber, in wike letter is de wedstriid yn Shanghai.

Trefwurden: 
shorttrack wrâldbeker KNSB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)