Wurkstraf en rydûntsizzing easke yn deadlik whatsapp-ûngelok

23 nov 2015 - 19:58

Tsjin in 20-jierrige autobestjoerder út Akkrum dy't yn maaie fan dit jier by Hoarnstersweach in man dearied en in frou slim ferwûne, is in wurkstraf fan 240 oeren easke. De man moat boppedat in rydûntsizzing fan in jier krije. Neffens de offisier fan justysje wie de autobestjoerder oan it whatsappen en hie er gjin each foar it ferkear. Hy hat dêrom skuld oan it ûngelok, seit de oanklager.

De rjochter docht oer twa wiken útspraak yn de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)