Mear fraach nei befeiliging troch ûnwisse tiden

23 nov 2015 - 16:14

De stream flechtlingen en de ûnwissens oer de feiligens soarget by befeiligingsbedriuwen foar mear wurkgelegenheid. Foar betûfte bewakers is der in soad wurk. Der is op dit stuit noch gjin ferbân te lizzen tusken de oanslaggen yn Parys en de gruttere fraach nei befeiligers, seit Marc Schaaf fan befeiligingsbedriuw Schaaf Event Solutions.

ROC De Friese Poort krijt ek mear fragen. De skoalle stjoert fakatueres troch nei learlingen en âld-learlingen. It tal oanmeldings foar de oplieding befeiliger is noch net tanaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)