UPDATE: Oerboard sleine man yn Noardsee is om it libben kaam

23 nov 2015 - 19:21

De 58-jierrige man dy't moandeitemiddei troch in helikopter út de Noardsee helle is, is ferstoarn. De man, dy't gjin rêdingsfest om hie, wie oerboard slein by Flylân. In grutte rêdingsoperaasje waard op tou set om de man te finen. Seis rêdingsboaten, twa helikopters en in kustwachtfleantúch fan de KNRM fan Flylân, Skylge en Teksel hawwe nei de man socht en him úteinlik fûn.

De man wie in bemanningslid fan it Syprioatyske frachtskip Olza, dat ûnderweis wie nei de Eemshaven. Hoe't de man oerboard slaan koe en wêrom't er gjin rêdingsfest oan hie, is noch net bekend.

Trefwurden: 
rêdingsboat man oerboard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)