Ynruilaksje Friese Poort Drachten smyt 1500 euro op

23 nov 2015 - 15:21

Earstejiers fan ROC De Friese Poort yn Drachten hawwe 1500 euro ophelle foar de Imena Foundation. Dy set him yn foar ûnderwiis, skjin drinkwetter en medyske foarsjennings yn Afrika.

Learlingen fan de opliedings kommersjeel meiwurker en detailhannel krigen tsien euro fan de skoalle. Se moasten besykje dêr in sa'n grut mooglik bedrach fan te meitsjen. In groepke gie bygelyks by restaurants del om te freegjen om dinerbonnen. Dy ferkochten se dan wer troch. Sa koene se yn de praktyk bringe wat se leare: gearwurkje en kommersjeel tinke

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)