"Meld gefaarlike krusings en diken foar fytsers"

23 nov 2015 - 13:53

It fytsersbûn komt mei in online meldpunt dêr't fytsers gefaarlike krusings en diken melde kinne. De aksje hat de titel 'Fietsers zetten hun verlanglijstje op het Meldpunt' krigen. Doel is om lanlik yn kaart te bringen wêr't de gefaarlikste sitewaasjes foar fytsers binne.

De meldings wurde ek trochjûn oan de gemeenten dêr't de oanmelden plakken lizze. Lokale frijwilligers fan it Fytsersbûn sille der dan by de gemeenten ekstra op oantrune dat der wat oan de krusings of diken dien wurdt. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)