Stjonkende oalje driuwt yn haven fan Harns

23 nov 2015 - 10:39

It wetter yn de haven fan Harns is fersmoarge mei stjonkende gasoalje. De fersmoarging waard ûntdutsen troch foarbygongers. It giet om de haven oan de Suderpier yn Harns. De oalje driuwt oer in stik fan 20 by 30 meter. Wêr't de oalje weikomt, is noch net bekend. De gemeente Harns hat Rykswettersteat frege om de oalje op te rêden.

Trefwurden: 
oalje haven Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)