Kollum: "As ik letter âld bin"

23 nov 2015 - 08:45

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

As ik letter âld bin...

Tinke jo wolris: goh hoe soe it letter mei my komme as ik âld bin? Wa past der dan noch op my? Ik tocht der ôfrûne wike oan doe’t wy oerlis hiene mei Trefpunt Graach Dien. By ús yn Aldegea hat in fanatyk groepke frijwilligers in eigen organisaasje opset, dêr’t ferskate ynstellingen, soarchklups en welzijnsprofessionals inoar treffe. Ferline wike woansdei sieten wy mei sa’n tweintich minsken om tafel. Fan de doarpsagint oant de dûmny en fan de wykferpleechkundige oant de skoaldirekteur. Healwei de gearkomste fertelde de wykferpleechkundige oer in útnûging foar iensume âlderen, dy’t op earste krystdei fergees nei in krystdiner kinne. Oan ús allegearre de fraach oft wy in iensume âldere yn it doarp kenne, dêr't wy fan tinke: dy sit mei krystdagen allinnich thús.

Der skeat my fuortendaliks ien namme yn it sin. In man op leeftiid, dêr’t ik koartlyn noch by oan de keukenstafel siet. Syn namme is Sieberen de Jong en ik mei hjir op de radio syn ferhaal fertelle. Sieberen is yntusken 90 jier en al 66 jier troud mei syn grutte leafde Jantje. Al dy jierren wenne it stel mei in soad nocht en wille tegearre by ús yn it doarp. Oant augustus dit jier, doe’t Jantje nei fersoargingshûs Bennema State yn Hurdegaryp rekke. Sieberen waard der suver emosjoneel fan doe’t er my it ferhaal fertelde. “Sjoch fanke”, sei er, wylst er syn hân op de mines lei. “As jo inoar it ja-wurd jouwe, sizze jo inoar ta trou te bliuwen oant de ein. En dat ha wy dien, Jantje en ik. Doe’t de sûnens fan myn frou yn de rin fan de jierren minder waard, ha ik mei leafde foar har soarge. Oant ik dat net langer allinnich koe.” Nei 66 jier tegearre, wenje Sieberen en Jantje no twongen elk op in oar plak. “Ik kin dy wol sizze, wy binne beide sa ûnwennich as in kat. Fansels ha wy ús bêst dien om wer byinoar te kommen, mar sjoen it soarchbelied fan hjoed-de-dei liket dat in ûnhelbere winsk. Ik bin simpelwei noch ‘te goed’ om by Jantje yn it fersoargingstehûs te kommen, mar tagelyk ‘te min’ om sels foar har te soargjen.

Dat is dochs bryk?” Sûnt se út inoar skuort binne, wit Sieberen him letterlik gjin rie mear. Skriuw alles mar op, wie it advys fan de húsdokter. Dus dat die er. In skriuwblok fol ferhalen leit yntusken op ‘e keukentafel. Mar dy iene brief oan de gemeente woe mar net út syn pinne komme. Dus skreau ik út namme fan Sieberen en Jantsje ôfrûne moanne in brief oan de gemeente Smellingerlân. Noch gjin wike nei’t ik it brief op de post dien hie, hie’k in grutske Sieberen oan de telefoan. Hy hie berjocht hân fan de gemeente en waard útnûge by de wethâlder op de kofje. “Se sille foar ús sjen om in plakje tegearre yn Drachten”, sei er wakker entûsjast. “Hatsjikidee”, sei ik, “dat ha jo moai foar inoar.” “Mar yntusken ha’k ek min nijs krigen”, antwurde er. “It is by my yn de war mei de prostaat.”

Spitich genôch dit kear dus gjin ‘eind goed, al goed’-ferhaal. Mar wol in ferhaal dat my yn it sin skeat, doe’t ik ferline wike frege waard nei in iensume âldere by ús yn it doarp. Ik ha Sieberen syn namme net neamd. Ik hoopje nammentlik stikem dat Sieberen en Jantje mei de krystdagen gewoan wer tegearre oan deselde tafel sitte meie foar in lekker krystmiel. Alderwetsk, syn hân op de harres, sa’t se dat de ôfrûne 66 jier ek dien hawwe.

Noflike moandei.

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Trefwurden: 
Kollum Nynke van der Zee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)