Richardson-Bergsma is har wrâldrekôr kwyt oan Bowe

22 nov 2015 - 21:40

Heather Richardson is har wrâldrekôr fan in wike lyn yn Calgary op de 1000 meter al wer kwyt. Yn Salt Lake City by de wrâldbeker sette Brittany Bowe in nije toptiid fan 1.12.18 del. Richardson ried in wike lyn 1.12.51, no kaam se net fierder as it tredde plak yn 1.13.45. De Sinese Hong Zhang waard twadde yn 1.12.77. Marrit Leenstra waard fjirde yn 1.13.93, fiifhûnderste boppe har persoanlik rekôr. Margot Boer waard yn 1.14.68 njoggende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)