Benefytkonsert foar Pinksterfeest fan Wynjewâld

22 nov 2015 - 14:28

Yn Wynjewâld is sneintemiddei in benefytkonsert. Doel is om it tekoart fan it Pinksterfeest fan ôfrûne jier oan te suverjen. Op in begrutting fan sa'n 30.000 euro is in gat fan 2.200 euro. Yn de eardere grifformearde tsjerke trede in tal lokale artysten op.

It Pinksterfeest fan Wynjewâld bestiet al mear as 40 jier, mar de lêste jierren stean de ynkomsten ûnder druk. Der is grutte konkurrinsje fan oare Pinksterfeesten yn de buert en sponsors binne minder gau ree om jild te jaan.

Ek bestjoerlik is der in probleem: it is dreech om ferfanging te finen foar de foarsitter en siktaris dy't út it bestjoer wolle. Tongersdei beslút it bestjoer oft der takom jier wol in Pinksterfeest hâlden wurde kin yn Wynjewâld en yn watfoar foarm oft dat dan is. It benefytkonsert begjint om 15.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)