Problemen mei teletekst by Ziggo digitaal

22 nov 2015 - 14:01

Klanten fan it digitale pakket fan Ziggo ûnderfine dit wykein problemen mei de teletekst achter it kanaal fan Omrop Fryslân. Sy kinne gjin siden opfreegje en bygelyks nijsberjochten lêze. Wat de krekte oarsaak fan de steuring is, is noch net bekend. De teletekstsiden fan Omrop Fryslân by oare telekomoanbieders binne wol op te freegjen.

Ek mei it analoge pakket fan Ziggo is gjin probleem. In pear Fryske skoallen kinne ek tsjin it probleem oanrinne. Sy melde roasterwizigings op teletekst.

Teletekst fan Omrop Fryslân is wol gewoan te besjen op de webside en mei de omrop-app.

Trefwurden: 
teletekst Ziggo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)