Snitser follybalsters winne maklik fan Donitas

22 nov 2015 - 13:36

De follybalsters fan Snits ha sneontejûn mei 3-0 frij ienfâldich fan Donitas út Grins wûn. Yn de eigen hal wiene de Snitser froulju fierwei de baas. De setstannen wiene 25-13, 25-20 en 25-15.

It team fan coach Petra Groenland stiet nei acht wedstriden noch hieltyd boppe oan yn de kompetysje.

Trefwurden: 
follybal Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)